Nij kolleezje Ljouwert

Gemeente Ljouwert
Kommende moandei wurdt it nije kolleezje fan Ljouwert presentearre. Nei ferwachting binne PvdA, CDA en PAL/Grien Links it dan iens oer it kolleezjeprogramma en oer de ferdieling fan de wethâldersposten. It liket derop dat Ljouwert seis wethâlders krijt, wêrfan ien yn dieltiid. It nije kolleezje stiet foar in swiere taak.
Der moat de kommende jierren 10 miljoen euro besunige wurde, en der komt in grut tal saken op gemeenten ôf, lykas de jeugdsoarch.