Kredytbank wol mear jild

14 jan 2014 - 13:56

De Kredytbank Nederlân hat mear jild fan gemeenten nedich, omdat der hieltyd mear klanten komme. It beskikbere budzjet is dêrom net mear genôch. Minsken mei jildproblemen kinne troch de strangere regels minder goed terjochte by banken en finansieringsmaatskippijen en klopje dêrtroch dus mear oan by de Kredytbank.

Net alle 120 gemeenten dêr't de kredytbank mei gearwurket, honorearje de oanfraach. Sa stelt de gemeente Weststellingwerf ûngefear hûnderttûzen euro as liening beskikber, wylst de Kredytbank twahûnderttûzen euro frege hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)