IIsfrij troch stikken lieding

06 feb 2012 - 14:44
  • Bern reedriden

De learlingen fan basisskoalle De Diken yn Snits hawwe ûnferwacht frij krigen. Yn de praktykskoalle wie it iiskâld omdat der in wetterlieding sprongen wie. De twahûndert learlingen binne allegearre nei hûs ta stjoerd.

Doe't de leararen moandei de skoalle yn kamen, seagen se dat de flierren ûnder wetter stiene. Yn de keuken wie de wetterlieding stikken gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)