Fryske finalisten Artcadia

14 jan 2014 - 12:21

It Linde College fan Wolvegea en it Liudger Technasium fan Drachten hawwe de finale fan de keunst- en technykwedstriid Artcadia helle. Artcadia is in stêd yn de takomst dêr't allegearre fraachstikken spylje oer mobiliteit, wetter, miljeu, romte en gebouwen. It is in lanlik projekt foar learlingen fan 2 HAVO en VWO. De learlingen betinke mei-inoar kreative oplossings foar de fraachstikken. It Linde College docht mei yn de kategory waarmte, Liudger yn de kategory mobiliteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)