Hortinsjeknipper aktyf

14 jan 2014 - 12:00

De plysje fan Snits meldt dat der oan de Neptunesleane yn Sint Nyk in hortinsjeknipper aktyf west hat. De stâlen fan de plant soene 10 sintimeter boppe de grûn ôfknipt wêze. Men tinkt dat de hortinsjetûken meinommen wurde, omdat dy in hallusinearjende wurking hawwe soene.

It is de twadde kear yn koarte tiid dat der melding makke wurdt fan hortinsjeknippen. Yn it ferline hat der yn Fryslân al faker sprake west fan dit fenomeen sûnder dat it hoe en wêrom dúdlik wurden is .

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)