'Belestingtsjinst wie fout'

14 jan 2014 - 10:56

Minister Plasterk fan Ynlânske Saken is it mei de FNP iens dat de belestingtsjinst net om in oersetting fan in beswierskrift freegje mochten hie. De FNP hie in beswierskrift yn it Frysk yntsjinne, mar krige fan de belestingtsjinst te hearren dat se dy net yn behanneling nimme koene, omdat it yn in frjemde taal skreaun wie. De FNP hat dêrom de kwestje oan de minister foarlein.

De minister seit dat hy dizze kwestje brûke wol om nochris te sjen nei de tapassing fan de wet- en regeljouwing dy't jildt foar it brûken fan it Frysk.

Hy sil ûnder oare it Orgaan voor de Friese taal freegje om in modelregeling en in modelbeliedsplan op te stellen foar it Frysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)