Brân by autobedriuw yn Snits

14 jan 2014 - 09:41

Der hat yn de nacht fan moandei op tiisdei brân west by autobedriuw Pfeifer oan de Alexanderstrjitte yn Snits. Krekt nei tolven hearde in tsjûge in lûde knal en seach fuort dêrnei dat trije auto's foar de garaazje yn 'e brân stiene. De brânwachtkorpsen fan Snits en De Jouwer hawwe de brân blust.

De plysje slút brânstichting net út en sil tiisdei technysk ûndersyk dwaan. Ofhinklik fan de resultaten dêrfan sil besletten wurde oft der in neier ûndersyk ynsteld wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)