Gruthannel Bergsma Keninklik

Bergsma Frjentsjer wurdt Keninklik
Hoarekagruthannel Bergsma yn Frjentsjer krijt it predikaat Keninklik. It bedriuw bestie yn 2012 100 jier en hat doe it predikaat oanfrege. Ein desimber kaam it berjocht dat it predikaat takend wurdt. In bedriuw kin Keninklik wurde as it bedriuw ûnder oare mear as 100 jier bestiet en in stabile finansjele reputaasje hat. Dêrneist mei in bedriuw gjin ûnderdiel wêze fan in oare bedriuw dat al Keninklik is en moat it him as echt Nederlânsk bedriuw sjen litte.
Op 31 jannewaris rikt kommissaris fan de Kening John Jorritsma de ûnderskieding út.