Keamerfragen oer Boerum

13 jan 2014 - 21:53

In mearderheid fan de Twadde Keamer wol opheldering fan minister Hennis-Plasschaert fan definsje oer de aktiviteiten fan Amearika op it satellytstasjon yn Boerum. Ut kontrakten docht neffens it televyzjeprogramma Nieuwsuur bliken dat it Amerikaanske ministearje fan definsje eigen apparatuer op it terrein yn Boerum hat en sa satellytynformaasje opfangt.

It plak is allinnich tagonklik foar Amerikanen. Dúdlik is dat Boerum in wichtige skeakel is yn it Amerikaansk militêr netwurk. Under oare Ronald van Raak (SP) hat dêr fragen oer steld.

Boargemaster Bearn Bilker seit dat er him net safolle soargen makket. Hy sjocht de Amerikaanske oanwêzichheid as in private ûndernimming. Ferder as de iepenbiere oarder en de feiligens giet syn foech net, seit Bilker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)