Top 50 fan reedrydmominten

13 jan 2014 - 18:32
  • Sven Kramer

Wat fine jo it meast memorabele momint út de Nederlânske reedrydhistoarje? Oer dy fraach mocht ûnder oaren Gauke Bootsma fan it reedrydmuseum Hylpen neitinke. Doel wie om in list fan 50 mominten gear te stallen foar schaatsen.nl. En dat is slagge. Op de list stean bygelyks it Olympysk goud fan Sjoukje Dijkstra en de súksessen fan Sven Kramer en Rintje Ritsma.

No kin der stimd wurde op de úteinlike nûmer ien. De top-trije wurdt op freedtejûn 31 jannewaris presintearre op de tydlike iisbaan yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)