'Camperplakken oan A32'

Der moat in oernachtingsplak foar campers komme oan de A32. Dat fynt de VVD yn de gemeente Weststellingwerf. Op it carpoolplak by Van der Valk oan de râne fan Wolvegea wol de partij in wetterfoarsjenning en toiletten hawwe. Dêr soene tweintich campers stean kinne moatte.
It camperplak leit njonken de Lindevallei en op in pear kilometer fan it sintrum fan Wolvegea. It is in poerbêst gebiet foar minsken mei in camper, tinkt de VVD. De partij spilet mei it idee yn op de trend dat campers hieltyd populêrder wurde.