2 Fryske skoallen 'eksellint'

13 jan 2014 - 17:35
  • De skoalbern fan Tsjummearum binne bliid mei it predikaat 'eksellint'

De M.J. Tamsmaskoalle fan Tsjummearum en De Mienskip yn Bûtenpost binne 'eksellinte basisskoallen'. Dat binne skoallen dêr't hiel goed ûnderwiis jûn wurdt en dy't it op ûnderdielen dúdlik better dogge as oare skoallen. De predikaten binne moandei útrikt troch premier Rutte en steatssekretaris Dekker.

Foar it predikaat hiene harren 141 skoallen oanmeld. Dêrfan binne 76 eksellint. Foar de Tamsmaskoalle is it net nij. Ferline jier krige de skoalle it predikaat ek al.

De Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert en de Fan 'e Wiken yn Jobbegea hawwe dit jier gjin predikaat eksellint krigen. De direksjes fan beide skoallen jouwe oan dat sy der bewust foar keazen hawwe om net oan de ferkiezing mei te dwaan, mar de fokus op it ûnderwiis sels te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)