Oprop foar sniefegers

06 feb 2012 - 13:00

Sawol it rayonhaad fan Gaasterlân as it haad fan Snits dogge oproppen om help te krijen by it skjinmeitsjen fan it iis. Moandei gie it mis by de Luts by Balk. Dêr is in fei-masine troch it iis sakke.

Rayonhaad Auke Hylkema hopet dat ynwenners fan Balk massaal mei skeppen en biezems by him komme om te helpen. Dat jildt ek foar de Kolk by Snits. Dêr hat rayonhaad Cnossen in man as 15 nedich. Minsken kinne har moandeitemiddei melde by it Riedshús yn Balk en op de Kolk yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)