'Fjoerwurkbelied oanpasse'

13 jan 2014 - 17:08

Acht Fryske gemeenten wolle dat der oar fjoerwurkbeleid komt. Dat hawwe de boargemasters oanjûn yn in NOS-enkête. Skiermûntseach, It Bilt, Flylân en Littenseradiel wolle de tiid dat der fjoerwurk ôfstutsen wurde mei, ynkoartsje. Kollumerlân en Harns soenen graach fjoerwurkfrije sônes ynstelle wolle. Achtkarspelen wol, lykas yn Ljouwert al bart, ien grut profesjoneel fjoerwurk.

De boargemasters tinke dat minister Opstelten mei oar belied komt, bygelyks regelje dat de gemeenten mear foech krije oer it ôfstekken en ferhanneljen fan fjoerwurk.

Trefwurden: 
fjoerwurk gemeenten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)