Learlingen feie Alvestêderûte

06 feb 2012 - 12:00

Learlingen fan de Maritime Akademy yn Harns binne moandei oan it snieskowen set om de Alvestêderûte sniefrij te meitsjen. Twahûndert learlingen wurde de kommende dagen oan it wurk set. Dy feie net tagelyk, der wurdt hieltiid in klas ynset.

Moandei binne se op de Singels yn Harns úteinset. Letter sil de rûte rjochting Kimswert oanpakt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)