Under ynfloed efter it stjoer

06 feb 2012 - 10:28

In 31-jierrige automobilist út Ljouwert is snein oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan drugs. De ljouwerter ried agressyf en te hurd en foel dêrom op. Doe't aginten him dêrop oansprutsen krigen sy it idee dat de man ûnder ynfloed wie.

De man moast mei nei it buro dêr't er in bloedproef by him dien is. Tsjin de man is proses ferbaal opmakke. Hy waard ek noch socht foar in eardere bedriging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)