Amerikaan by rjochtsaak REC

06 feb 2012 - 10:21

Tsjinstanner fan de ôffaloven yn Harns Johan Bloem en syn advokaat Henri Sarolea hawwe in bûtenlânske saakkundige nei Nederlân komme litten.

It giet om de Amerikaan Henry Cole. Hy is hjir foar de rjochtsaak tsjin de nije miljeufergunning fan de ôffaloven by de Steatsried, dy't moandei is. Neffens Cole doge de nije ferspriedingsberekkenings net. Der wurdt neffens him noch hieltyd net genôch rekken hâlden mei de ynfloed fan de waarsomstannichheden by de kust. It ûndersyk en reiskosten fan de Amerikaan binne betelle troch donaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)