Buorkerij Easterwâlde ôfbaarnd

06 feb 2012 - 10:10

In wenbuorkerij yn Easterwâlde is snein foar in part útbaarnd. De bewenners koene harsels op tiid yn feilichheid bringe. De brân is yn it achterein begûn, mooglik as gefolch fan it gebrûk fan in waarmteelemint om in beferzen wetterlieding te ûnteien. It brânwachtkorps fan Easterwâlde, krige help fan de brânwachtkorpsen fan Assen en Drachten.

Omt der in soad reek frijkaam, krigen omwenners mei help fan in lûdswein it berjocht ruten en doarren te sluten. Der binne gjin gefaarlike stoffen frijkaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)