Minder earrebarren teld

Dit wykein binne yn Nederlân 500 earrebarren teld by de jierlikse telling. Dat binne tachtich minder as ferline jier. Dat docht bliken út in telling fan STORK dy't úndersyk docht nei earrebarren yn Nederlân.
De measte earrebarren sitte noch altyd yn it Noard-Nederlân. Sabine Leffertstra fan earrebarredoarp De Graverij yn Eagmaryp telde dit wykein 32 fûgels yn har doarp. Dat binne likefolle as foargeande jierren. De sifers sizze neffens har net dat it net goed giet mei de earrebarren.