'Dioksine net útsûnderlik'

De dioksine dy't oantroffen is yn aaien yn de omkriten fan Harns is net útsûnderlik. De stoffen binne wol reden ta soarch, mar de soart stoffen en it gehalte binne yn oare parten fan Nederlân ek te finen. De GGD hat seis hobbyboeren benadere en sil mei harren yn oerlis oer de maatregelen dy't naam wurde moatte. De gemeente sil in pear moanne opnij ûndersyk dwaan nei de dioksine om te sjen oft der ek feroarings binne.
It is net ferbean om de aaien te iten, mar de GGD riedt minsken ôf om in protte aaien fan hobbyhinnen te iten.
Om't der gjin spesifyk Harnzer probleem oantroffen is, wurdt no lanlik sjoen nei de oanpak fan de dioksines yn aaien fan partikuleren. Der binne yntusken ek al Keamerfragen oer steld.
It nijste ûndersyk nei de dioksine-aaien is útfierd yn opdracht fan de gemeente Harns troch de GGD Fryslân yn gearwurking mei it RIVM en it RITKILT. It giet om in ferfolchûndersyk.