Fertochte oerfal op fideoteek

13 jan 2014 - 14:05

De plysje fertinkt in 18-jierrige Ljouwerter fan in oerfal op in fideoteek oan de Esdoarnstrjitte yn syn wenplak. De oerfal wie sneontejûn om in oere of njoggen. De jonge bedrige it personiel mei in wapen en naaide út mei jild út de kassa.

Nei oanlieding fan ynformaasje fan tsjûgen en eigen ûndersyk, kaam de plysje de Ljouwerter op it spoar. Hy is moandeitemoarn betiid oppakt en foar ûndersyk fêstset op it buro. In diel fan it jild is werom fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)