Nij ûnderdiel CJIB yn Ljouwert

CJIB © ANP
Yn Ljouwert wurdt moandei in nij ûnderdiel fan it Centraal Justitieel Incassoburo (CJIB) iepene. It giet om it AICE, de sintrale administraasje dêr't alle boetes en selstraffen yn beheard wurde. It ministearje fan justysje wol sa foarkomme dat ferskate juridyske ynstânsjes byioar del wurkje.
De nije ôfdieling yn Ljouwert wurdt moandeitemiddei iepene troch steatssekretaris Teeven fan justysje.