Dieven hierauto pakt op A7

© ANP XTRA
De plysje hat sneintemiddei op de A7 by Beetstersweach twa autodieven oanhâlden. It giet om in ynwenner fan Delfsyl en in ynwenner fan Grins. Earder hie de plysje in melding krige dat in meiwurker fan in autoferhierbedriuw achter in auto oanried dy't by it bedriuw stellen wie.
Op oanwizings fan de meiwurker koe de plysje de auto opspoare en oan de kant sette. De fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo. Se sitte fêst. De auto is weromgien nei it ferhierbedriuw.