Seleksjedei foar Postma

Pieter-Jan Postma © ANP
Siler Pieter-Jan Postma docht moandei en tiisdei mei oan de earste ronde fan de bemanningsseleksje fan team Brunel foar de Volvo Ocean Race. It is foar Postma in dream om mei te dwaan oan de race. De twa testdagen dy't Postma no ûndergean moat wurde brûkt om te sjen wa't trochgiet nei de folgjende seleksjeronde. Neffens de Fryske siler hoecht in aventuer by de Ocean Race gjin grutte gefolgen te hawwen foar syn tariedings op de Olympyske Spelen yn Rio yn 2016. De folsleine Ocean Race duorret fan oktober 2014 oant en mei de simmer fan 2015.