It Fean krijt ton foar Bradley

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Sportklup Hearrenfean fertsjinnet sa'n 100.000 euro oan de transfer fan âld-Hearrenfeanspiler Michael Bradley. De Amerikaan ferhuzet fan AS Roma nei Toronto. Foar de tranfer betellet Toronto dik sân miljoen euro. Bradley spile fan syn 18e oant syn 21e foar Hearrenfean en dêrom krijt Hearrenfean in opleidingsfergoeding by eltse transfer fan Bradley. Foarsitter Jelko van der Wiel sprekt oer "in moaie meifaller".