Aris ûnderút tsjin Den Bosch

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris binne sneintemiddei mei 104-75 ûnderút gong tsjin Den Bosch. Yn Den Bosch koenen de Ljouwerters yn it earste kwart noch knap meikomme: 26-20. Dêrnei sette Den Bosch oan en rûn ienfâldich út nei in 57-35 rêststân.
Nei it skoft gong de doelpuntemasine fan de thúsploech troch en rûn Den Bosch by it tredde kwart út nei 86-54. Yn it fjirde kwart bleau der neat hiel fan de ferdigening fan de ploech fan Ed Molthoff. Foar de Ljouwerter basketballers is it de earste ferliespartij sûnt trije kear winst op rige.