Jan Blokhuijsen kampioen

Jan Blokhuijsen is foar it earst yn syn karriêre Europeesk kampioen allround wurden. De ôfrûne trije jier waard er achter Ivan Skobrev of Sven Kramer twadde. Blokhuijsen rekkene op de beslissende 10 km mar krekt ôf mei Koen Verweij. Hy moast goed fiif sekonden goedmeitsje. It waarden seis en in bytsje.
Blokhuijsen ried mei 13.07.22 de winnende tiid, Verweij kaam út op 13.13.45. Bart Swings waard tredde op de 10 km yn 13.17.45, Douwe de Vries sânde yn 13.28.99. Op it poadium twa Nederlanners en in Noar: Jan Blokhuijsen, Koen Verweij en Bøkko.
Douwe de Vries waard yn syn earste EK sânde yn de einstân.