Cambuur wint fan De Graafschap
SC Cambuur pakte snein in 2-1 oerwinning yn de oefenwedstriid tsjin De Graafschap. Yn Ljouwert kamen de gasten út Doetinchem al nei 5 minuten op foarsprong troch in treffer fan Tim Vincken. In healoere letter kopte Ramon Leeuwin út in hoekskop de lykmakker binnen.
Nei rêst sette nije oanwinst Elvis Manu de Ljouwerters op foarsprong. Fuort dêrnei krige dyselde Manu de kâns op de 3-1, mar dizze kear gong syn skot neist. Alexander Christovao en Paul Mulders krigen ek de kâns om de wedstriid yn it slot te smiten, mar se makken gjin goals.