Ireen en Yvonne goud en sulver

Ireen Wüst hat mei oermacht har tredde Europeeske titel helle. Nei 2008 yn Kolomna en ferline jier yn Thialf op It Hearrenfean waard it EK yn Hamar foar har in galafoarstelling. Op de ôfslutende 5000 meter gong de winst nei de Tsjechise Martina Sábliková yn 6.58.13. Yvonne Nauta waard twadde yn 6.59.32 en klom sadwaande ek nei it sulver yn de einstân. Wüst waard tredde op de 5 km yn 7.03.40 nei winst op de earste trije ôfstannen. Fjouwerfâldich Europeesk kampioene Martina Sáblikova waard tredde yn de einstân.