Dôve-organisaasje stiet faai

Hoor Friesland hâldt nei dit jier mooglik op te bestean. De belange- en advysorganisaasje foar dôven en minsken dy't min hearre, krijt fan 1 jannewaris takom jier net langer alle jierren in provinsjale subsydzje fan oardel ton.
De taken fan Hoor falle fan 2015 ôf ûnder de Wet Maatskiplike Understeuning (WMO). Dy wurdt útfierd troch gemeenten. It is noch mar de fraach oft dy wol jild oer hawwe foar de tsjinstferliening fan Hoor. Mei oare maatskiplike organisaasjes wurdt sjoen nei mooglike gearwurkingsfoarmen.
Hoor hat fiif meiwurkers yn tsjinst en beskikt oer santich frijwilligers.