'Cambuurstadion yn 5 jier ôf'

It nije stadion fan Cambuur moat binnen trije oant fiif jier klear wêze. Dat sei direkteur Gerald van den Belt sneintemiddei by de nijjiersresepsje fan de fuotbalklup. De klup stiet der finansjeel goed foar. Dat jildt lykwols net foar de sportive prestaasjes. Cambuur stiet op it ien-nei-lêste plak.
Cambuur hat ûndere oare fersterking fûn yn de nije linksbûten Elvis Manu, dy't Cambuur hiert fan Feyenooord. De klup hopet foar 31 jannewaris noch twa spilers oan te lûken, dy't foaral de foarhoede fersterkje moatte.
Nije wike stiet de start nei it winterskoft tsjin Go Ahead Eagels op it programma.