Koen Verweij nije lieder op EK

12 jan 2014 - 14:54

Koen Verweij hat nei de winst op de 1500 meter yn 1.45.93 de lieding yn it klassemint op it EK reedriden oernommen fan Jan Blokhuijsen. Blokhuijsen kaam yn de rit tsjin Verweij net fierder as 1.46.91, goed foar de njoggende tiid. Douwe de Vries ried mei 1.47.38 nei it tsiende plak. Yn it algemien klassemint stiet de Noar Håvard Bøkko op it twadde plak, krekt foar Blokhuijsen. Op de 10 km rydt Douwe de Vries tsjin Bart Swings en treft Koen Verweij yn de lêste rit Jan Blokhuijsen.

Trefwurden: 
reedriden EK Hamar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)