Takomst goed foar Frysk hynder

12 jan 2014 - 13:49

It giet goed mei it Frysk hynder. Oer de hiele wrâld der in soad belangstelling fan fokkers en menners. Sa die bliken op de hynstekeuring yn it WTC Expo fan it wykein. Yn de takomst binne wer kampioenen te ferwachtsjen, lykas Norbert 444, hynst fan it jier 2013, dei- en algemien kampioen.

Yn it ferline wiene der risiko's op yntylt, om't gjin nije hynsten opnaam waarden yn it hynstestamboek. Mei in nije dna-administraasje, dy't foar elkenien yn te sjen is, kinne fokkers sjen wat de gefolgen wêze kinne fan krusing. Sa bliuwt it ras suver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)