Dronken frou botst op 4 auto's

12 jan 2014 - 11:16
  • Helptsjinsten op it plak fan it ûngelok yn Koatstertille

Fjouwer auto's wiene sneontejûn belutsen by in ûngelok op de Hege Dyk by Koatstertille. In automobiliste fan 59 jier út Sweagerbosk kaam op de oare helte fan de dyk telâne en botste dêr tsjin oare auto's. Twa auto's kamen ta stilstân tsjin in beam. De frou kaam klem te sitten en moast troch de brânwacht út har auto weihelle wurde.

De frou hie tefolle dronken, sa die letter bliken. Har rydbewiis is ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)