Ferlies follybalfroulju Snits

De follybalsters fan Snits binne 2014 min begûn. Yn de eigen Snitser sporthal waard kânsleas mei 3-1 ferlern fan Eurosped Almelo. De setstannen: 21-25, 20-25, 25-17 en 15-25. De Snitser froulju makken tefolle flaters tsjin de ploech út it rjochter rychje yn de earedivyzje. Begjin novimber hie Snits de útwedstriid noch mei 3-0 wûn. De ploech fan trainster Petra Groenland bliuwt lykwols tredde yn de stân.