Audysjes berne-iepenloftspul

11 jan 2014 - 16:19

Sawat tachtich bern hawwe sneon yn Easterwierrum audysje dien foar it berne-iepenloftspul. Bern út de groepen 7 en 8 fan alle basisskoallen yn Littenseradiel hawwe in útnoeging krige om mei te dwaan. Dit jier wurdt it stik 'Bern de Baas' spile, regisearre troch Jelmar Hoekstra.

De bern krije takom wike te hearren oft se útnoege wurde foar in twadde audysje op 18 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)