Sterk begjin Ireen Wüst op EK

11 jan 2014 - 13:37

Ireen Wüst is it Europeesk kampioenskip reedriden yn Hamar begûn mei winst op de 500 meter. De regearend Europeesk kampioene kaam yn 38.77 oer de streek. De Tsjechise Karolina Erbanová waard twadde yn 38.80, Yuliya Skokova fan Ruslân tredde yn 39.01. De resultaten fan de oare Nederlânske froulju: Diane Valkenburg waard sânde yn 39.79, Marije Joling njoggende yn 40.09 en Yvonne Nauta 16e yn 40.79.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)