Hynstekeuring live by Omrop

11 jan 2014 - 12:28

Omrop Fryslân hat sneon de hiele dei rom omtinken foar de keurings fan it jubilearjende Fryske Hynstestamboek. De bylden binne te sjen op deitelevyzje en op www.omroplive.nl. Op omroplive kin keazen wurde út Frysk of Ingelsk kommentaar by de bylden.

De keuring fynt plak yn it WTC yn Ljouwert. Prinses Beatrix en de ferneamde Amerikaanske skriuwer Dan Brown binne sneon earegasten by gelegenheid fan it jubileum. It Frysk hynder spilet in lytse rol yn Brown syn nijste boek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)