Dan Brown sinjeart yn Ljouwert

In pear hûndert minsken kamen sneon ôf op de sinjearsessy fan de wrâldferneamde, Amearikaanske auteur Dan Brown. Dy is yn Ljouwert op útnoeging fan it jubilearjende Frysk Hynstestamboek. Hy brûkte de gelegenheid om by boekhannel Van der Velde op de Nijstêd syn boeken te sinjearjen foar de fans.
Freed wie de boekpresintaasje fan de Fryske oersetting fan Brown syn roman Inferno. Brown neamt it Frysk hynder yn syn boek en syn frou is der in leafhawwer fan. Hy fynt de Fryske taal moai klinken, al begrypt er der neat fan.
De Fryske oersetting Ynferno is makke troch Abe de Vries.