Oscarnominaasje Fryske klup

11 jan 2014 - 11:56

Toanielferiening Nim It Sa It Is út Itens en omkriten is nominearre foar in Oscar fan televyzjeprogramma Man Bijt Hond. De Oscar foar amateurtoanielferienings wurdt begjin maart foar it earst útrikt.

De Friezen binne foar de priis yn 'e striid mei toanielklups út Rotterdam, Leiden, Medemblik en Houten. De Fryske feriening spilet in stik út de filmmusical Moulin Rouge. Sjoggers kinne stimme op de toanielferienings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)