Oerfal op kleanwinkel Nijstêd

11 jan 2014 - 11:12

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer in wapene oerfal fan freedtemiddei op in kleanwinkel oan de Nijstêd yn Ljouwert. Om in oere of fjouwer kaam in ûnbekende man de winkel yn. Hy easke jild fan in meiwurkster en bedrige har mei in mes. Neidat de meiwurkster him it jild jûn hie, naaide de man út yn de rjochting fan it Hearewaltsje.

De oerfaller is in blanke man fan in jier of 25 mei in reade jas oan en in wyt petsje op. Minsken dy't mear witte, wurdt frege dat te melden by de plysje. Dat mei ek anonym.

Trefwurden: 
Ljouwert Nijstêd oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)