Sneon ûndersyk nei asbest

11 jan 2014 - 07:33
  • Undersyk nei asbest nei brân yn Voltastrjitte, Ljouwert

De gemeente Ljouwert lit sneon fierder ûndersyk dwaan nei it asbest dy't frijkaam is by in brân oan de Voltastrjitte yn Ljouwert. Dêrby gie freed in garaazjebedriuw foar in grut part ferlern. Neffens de gemeente docht út in earste ûndersyk bliken dat it asbest him net fier ferspraat hat. Twa minsken dy't yn it bedriuw oan it wurk wienen rûnen ferwûnings op troch de brân. Ien fan har koe op it plak sels behannele wurde troch ambulânsemeiwurkers, de oare is nei it sikehûs brocht.

Fanwege de brân waard in part fan yndustryterrein De Swette ôfset, ek waard in tal winkels ûntromme. De ôfsetting is yntusken wer fuorthelle en alle winkels kinne sneon iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)