Fúzje twa hurdfytsferienings

10 jan 2014 - 19:53

Der binne te min talintfolle jonge hurdfytsers foar de fjouwer Fryske hurdfytsferienings. Derom wolle Olympia fan It Hearrenfean en WoonExpo Kapenga út Drachten fusearje. De leden moatte dêr ynkoarten definityf oer beslute. De Fryske hurdfytsferienings binne stik foar stik te lyts om benammen junioaren opliede te kinnen foar it profesjonele wurk. De fúzje fan de twa klups soe in opstapke wêze kinne nei in noch gruttere fúzje yn Fryslân.

Op dit stuit geane in soad jonge talinten nei ferienings yn it suden ta en dat wolle de klups foarkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)