Asbest by grutte brân Ljouwert

By de grutte, útslaande brân yn de loads fan garaazjebedriuw Arsyl Oan de Voltastrjitte op yndustryterrrein de Swette yn Ljouwert is asbest frijkaam. De brân soe ûntstien wêze troch in eksploazje yn in auto. Op dat stuit wienen der twa minsken oan it wurk yn de loads. Sy hawwe lichte brânwûnen oprûn.
Ut foarsoarch is de wenbûlevaar flakby ûntromme. De Voltastrjitte en de Ampérestrjitte binne ôfsletten foar it ferkear. Neffens tsjûgen hie de brânwacht de brân frij gau ûnder kontrôle.
De plysje die op twitter in oprop om de helptsjinsten goed de romte te jaan. It wie op it momint fan de brân smoardrok yn de stêd yn ferbân mei de jûnsspits en alle besikers foar de foarstelling Faderpaard yn it WTC.