Debút Nauta op EK Hamar

Yvonne Nauta fan Twellingea debutearret sneon en snein op it Europeesk kampioenskip allround yn Hamar, mar se sil it toernoai fral brûke as tarieding op de Olympyske Spelen yn Sotsji. Nauta hat har dêrfoar kwalifisearre op de 5 kilometer. Yn Hamar komt se foar Nederlân út, njonken titelferdigener Ireen Wüst, Diane Valkenburg en Marije Joling.
It is al even lyn dat Yvonne Nauta in ynternasjonaal allroundtoernoai ried. Dat barde foar it lêst by de junioaren, yn 2010. Nauta wol dit wykein yn elts gefal goed prestearje op de 3 en 5 km.