Roomsen jouwe tsjerke mear

Protestanske Friezen hawwe it ôfrûne jier minder jild jûn oan de tsjerke as yn it jier 2012, mar Roomsk-Katolike Friezen hawwe krekt mear jûn. Dat docht bliken út it finansjeel oersjoch fan de Tsjerkebalâns. De stiging by it Bisdom Grins-Ljouwert is opfallend: it is it iennichste bisdom yn hiel Nederlân dat foarútbuorket.
It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan de stiging is. Alle jierren freegje tsjerken har leden om in jefte te dwaan foar ûnder oare ûnderhâld en it beteljen fan pastoar of dûmny. Dit wykein giet de aksje foar 2014 los.