Spoedappel EVT 21 jannewaris

10 jan 2014 - 14:50

It heger berop fan de EVT tsjin it beslút fan de rjochtbank dat de rederij mei yngong fan 1 febrewaris net mear op Skylge farre mei wurdt behannele op 21 jannewaris. Yn oktober bepaalde steatssiktaris Mansveld dat de rederij mei de feartjinst nei Skylge ophâlde moat, omdat dy foar tefolle konkurrinsje foar rederij Doeksen soarget.

De EVT stapte nei de rjochtbank om it beslút fan de steatssikaris fan tafel te krijen mar krige dêryn net gelyk. De rederij hopet dat dat mei it heger berop wol slagget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)