Ferbouwing by Pantera

By rôfbiste-opfang Pantera yn Nijeberkeap wurdt dizze dagen 300 ton sân stoart. Troch it sân krije de tigers en liuwen minder lêst fan heech wetter yn 'e hokken. De rôfbiste-opfang kin de ynvestearring dwaan omdat der gearwurke wurdt mei stifting Vier Voeters. Der wurdt net allinnich sân stoart, de hokken wurde ek ferboud.
It wetter yn de koaien is simmerdeis gjin probleem. Dan is it wol noflik foar de bisten en droeget it fansels op. Mar winterdeis bliuwt it wetter stean en dat is min foar de sûnens fan de tigers.