Polsbantsjes op skoalfeest

In skoalfeest en alkohol, hoe regelje je soks nei de wetswiziging fan 1 jannewaris? Dat is de fraach dêr't in soad middelbere skoallen mei te krijen hawwe. It Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert moast gau mei in antwurd komme, want freed hat dy skoalle it earste skoalfeest. Sûnt 1 jannewaris meie bern ûnder de 18 net mear drinke.
Om derfoar te soargjen dat jongere bern gjin drank krije wurde polsbantsjes útdield. Ek sille meiwurkers fan de Harmonie en Klub Hemingway kontrolearje dat learlingen sûnder bantsje gjin alkohol drinke.
Wa't dat dochs docht, wurdt út de klup set.