Swaailjocht steurt ynbraak

De Primera oan de Weibuorren fan Oerterp © Tino Broekstra
In tafallich passearjende ambulânse hat tongersdeitenacht yn Oerterp foarkomme kinnen dat ynbrekkers guod meinamen. Even foar twaen wienen bewenners boppe de Primera oan de Weibuorren wekker wurden fan glêsgerinkel. Se ûntdutsen dat in grut rút oan de foarkant fan de winkel ynslein wie. Yn de winkel wienen ferskate stellingen omfier lutsen. De ynbrekkers waarden lykwols steurd troch de swaailjochten fan in ambulânse dy't foarbykaam.
Twa manlju binne doe mei hege snelheid yn in donkere Audi fuortriden. Se hawwe neat meinommen.